7 Nijs fan Pleatslik Belang Ferslach ledengearkomste Pleatslik Belang Surhuzum - 14 april 2025 Op moandeitejûn 14 april wie de jierlikse ledengearkomste fan Pleatslik Belang Surhuzum yn doarpshûs De Delfeart. Der wie in moaie opkomst en de sfear wie goed. Lykas oars waard de jûn iepene mei it ûnderdiel “Yn it sintsje se�e”. Dit jier waard Siep Folkerts yn it sintsje set foar syn jierrenlange ynset foar it doarp. Sa is er ûnder oare aktyf by it ûnderhâld fan it âlde begraafplak, by de kaartklup, wie jierren belutsen by de organisaasje fan bernesaken yn it doarp, hat er him ynset foar de tsjerke as diaken en wie hy in trou lid fan it Surhústerkoar. Ek foar de buer�erieningen It Noard, C. Schuurmanwei en Uterwei hat Siep him ynset. Yn it jierferslach s�ene wy s�l by ferskate ûnderwerpen. Bysûndere om�nken wie der foar it hertenkamp De Bistepôle. Wy binne bliid dat troch de ynset fan nije frijwilligers it hertenkamp behâlden bleaun is foar it doarp. Ek de wenningbou yn Surhuzum kaam oan de oarder. Nei in rige teloarstellings is der no wer foarútsjoch. De gemeente hat yntern jild frijmakke foar it ûntwikkeljen fan wenten. Dat betsjut dat der prosedueres opstart wurde kinne, lykas ûndersiken nei ljocht- en lûdsoerlêst. Pleatslik Belang hat de gemeente wol op it hert drukt dat de belangen fan de mienskip goed beher�ge wurde moa�e. Dêrby wurdt ûnder oare tocht oan de mooglikheid foar DTS om goed gebrûk te bliuwen meitsjen fan harren �ilden.
8 Online Touch Home