9 Der kamen ek fragen út de seal oer de nammeferoaring fan de basisskoalle, fan Johannes Looijengaskoalle nei De Balkespringer. Pleatslik Belang wie hjir net fan op ’e hichte, dat wie ek foar ús in ferrassing. Wy hawwe ek e�es s�ls�en by de gearwurking mei Doarpsbelang Stynsgea. De ôfrûne jierren hawwe wy besocht mear gear te wurkjen en de kommende �id wolle wy hjir serieuzer nei sjen. Oare ûnderwerpen dy’t oan de oarder kamen wiene de ûntwikkelingen rûnom de fuotbal�ilden yn Surhústerfean en it fernijen fan ús eigen webside. Wy binne dêrmei oan it testen. De finansjele ferslaggen fan Pleatslik Belang, Gru�e Gelf en de Ak�viteitenkommisje binne goedkard troch de leden. In bysûnder momint wie it ôfskied fan Gerrit de Jong en Klaas Pool, dy’t beide nei seis jier trouwe ynset ôfskie namen fan it bestjoer. Se binne troch it bestjoer betanke foar harren wurk. Der is noch plak foar nije bestjoersleden. Hawwe jo belangstelling? Lit it ús wi�e! Wy betankje alle oanwêzigen foar harren belutsenens en hoopje elkenien takom jier wer te sjen. Freonlike groetnis, Pleatslik Belang Surhuzum
10 Online Touch Home