13 Surhúster om utens Fragen oan in âld Surhúster. Dizze kear gong it foar my oars as oars. Ik sykje faaks kontakt mei de minsken fia Messenger op Facebook en dat gong dizze kear ek sa. We hienen dizze winter al berjochtjes nei elkoar stjoert en belle en ik krige doe ek te hearren fan Fayedat se nei Nederlân komme soe foar in familyreünie. Ik sei doe wat soe it moai wêze as we de family dan hjirmei ferrasse koenen. Omdat it fia de kompjoeter net slagge, soene we elkoar yn it echt sjen en dan dizze fragen ynfulle. Skandegenôch gong troch in misferstân hun reis net troch. Doe ha we wer mei elkoar belle en hawwe we de fragen sa troch naam. Namme: Feikje Sietzema-van Dijk (Faye) Bern fan: Minze en Josephien van Dijk Dêr ha ik wenne: It Noard 5 Hoe âld binne jo: 83 jier Binne jo troud? Ja, yn april 61 jier mei Hidzer Sietzema fan it Fean. Wy hawwe trije bern, Sietze, Menno en Richard , fiif lytsbern en ús earste oer pake/ beppesizzer is ûnderweis. Wêr wenje jo no: Yn Olds, Alberta Kanada
14 Online Touch Home