15 Wat hat jimme dêr brocht? Myn broer, Frans, wurke yn Kanada en it wenjen dêr lyke ús ek wol wat ta. Yn 1981 krigen we eindelik in wurkfergunning foar 3 moanne. Dat waard ferlengt en úteindelik koene we der bliuwe. Hidzer wurke by in boer en letter hienen we sels in Dairy Farm. Wat doche jo no? Genietsje fan ús pensioen. Wegens de kjeld geane we fan oktober oant maaie altiten nei Mexico ta, dêr wennet myn suster ek. Dêr is it lekker waarm en dat is hearlik. Skoallefoto út 1949 mei Feikje van Dijk op de foarste rige, tredde fan links. Wat binne dyn moaiste herinneringen oan Surhuzum? We koene eltsenien en ik fûn it sangkoar leuk, kuorkebaljen ha ik efkes dien mar ik fûn alles moai. Wat wie dyn favoriete plakje yn Surhuzum? De singel tichtby ús hûs op it Noard mar ek gewoan op de buorkerij. Hast noch kontakt mei minsken (freonen as familje) yn Surhuzum? Mei de family wol hiel skande dat ús reis net troch gean koe. (Derneist hie ik ek sa’n sin oan in lekker Nederlâns lekkerbekje en in sâlte hjerring). Denkt u na het lezen van deze bijdrage: ‘Och, je zou die en die eens moeten vragen’, of iemand uit uw familiekring die ergens anders woont? Mail ons dan op redactie@gruttegelf.nl! Dan kunnen wij vragen of diegene mee wil werken aan onze rubriek.
16 Online Touch Home