5

5 Spulwike Surhuzum bes�et 50 jier! Fiif fragen oan it bestjoer 1. Beskôgje jimme it as bestjoer as in wich�ge taak om de Spulwike te organisearjen? Fansels moat dat altyd sa wêze! Wy slute de simmer ôf mei ûnder oare de Spulwike. In moaie wike om mei-inoar te organisearjen foar it hiele doarp! 2. Wêrom binne jimme belutsen by it bestjoer? Wy hawwe ús allegear oansle�en mei it doel om elk jier in moai doarpsfeest te organisearjen foar de Surhústers. It is wich�ch dat soksawat troch elkenien trochset wurdt en bliuwt bestean. Wy hawwe op it stuit in frij ferskaat team. Us bestjoer is ferskaat: wy hawwe minsken dy’t berne en grutbrocht binne yn Surhuzum, mar ek minsken dy’t le�er yn Surhuzum wenjen kommen binne. Sanne Homen is hjir foar it twadde jier. Foar ús is it in moaie manier om de minsken út it doarp wat be�er te learen kennen. “Ik kom oarspronklik út Harkema. Ik wenje no 7 jier yn Surhuzum en ik bin bliid dat ik diel útmeitsje fan dit bestjoer. Myn doel is benammen om leuke ak�viteiten foar de bern te be�nken.” Wouter Postma hie der al in sko� oer neitocht om wat foar it doarp te dwaan. Wylst er in bierke dronken hie, bespruts er dit mei syn freon Klaas Pool, dy’t fansels in ak�ve Surhúster is, ûnder oaren by Pleatselijk Belang. Hy soarge derfoar dat it bestjoer op ’e hichte wie fan Wouter syn ambysjes en foardat wy it wisten siet er by ús oan ’e tafel by in Spulwike-gearkomste. Dit is al syn tredde edysje en lykas er sels seit: “Ik genietsje der �ge fan.” 3. Sil dizze jubileumedysje it bêste jier ea wêze foar de Surhústers? As dat sa is, wêrom? Dat is fansels ús bedoeling! Wy dogge allegear ús bêst om der in moaie edysje fan te meitsjen. Dit jier binne wy foaral freedtejûn mei artysten oan it wurk gien. Yn ’e tusken�id hawwe alle Surhústers al in moaie flyer troch de brievenbus krigen. Dizze befe�et benammen wich�ge ynformaasje oer freedtejûn. 4. In wich�ch doel fan Spulwike is altyd west om it mienskipsgefoel te fersterkjen. Hoe wolle jo dêr dit jier ynfolling oan jaan? Wy besykje altyd rekken te hâlden mei alle doelgroepen yn ús programma. Wy fine it wich�ch dat der foar elkenien wat te dwaan is. Derneist steane der elk

6 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication