7

7 jier ak�viteiten op it programma dy’t tagelyk foar jong en âld binne. Dit jier komt de suksesfolle bingo werom. Ferline jier ûnts�e it idee om tegearre mei de feestkommisje fan it doarpshûs wat te organisearjen. Sy hawwe doe in fantastyske famyljebingo opset. Sokke ak�viteiten binne prach�ch foar de solidariteit yn ús doarp. 5. As jimme werom sjogge op al de foargeande edysjes, wat ûnthâlde jimme dan it meast fan ’e ôfrûne Spulwike-jierren? Hjir binne de antwurden ferskaat. Wy hawwe in pro�e moaie oan�nkens. Ferskate ak�viteiten, lykas de Pubkwis mei de manlju fan Amstor, of de optredens fan Truus, ek wol bekend as Baukje Wijnsma. Mar ek de Playbackshows wêr’t wy troch de jierren hinne de moaiste optredens sjoen hawwe. Allegear berne-ak�viteiten, eat dêr’t de Spulwike oarspronklik foar oprjochte is. Wy binne bliid dat wy noch alles tagonklik hâlde kinne foar elkenien. Foar de bern is alles frij tagonklik en fergees. Dat is altyd sa west en wy wolle it graach sa hâlde. Mar ek it Surhúster Saterje mei al dy moaie foarstellingen fan regionale artysten. As de klok sneontemiddei 17.00 oere slacht, rin ik faaks om rûntsje oer it �ild. Op dat stuit realisearje jo jo faak wat in prach�ge wike wy tegearre makke hawwe en bin ik bliid mei al dy fleurige minsken om my hinne. Yn 'e sinne mei in kâld drankje en in goed s�kje muzyk. Derneist �nk ik dat wy allegear in pro�e oan�nkens hawwe oan de Spulwike. As bestjoerslid en as besiker. Fansels hawwe wy ek ferskate jierren meidien oan de Spulwike doe't de organisaasje noch yn 'e hannen wie fan oare toppers No’t wy yn ’e Gru�e Gelf om�nken jaan oan ’e jubileumedysje, wol ik ek de bestjoersleden dy’t ús foargien binne, fan herte betankje. Fansels binne der in pro�e. Tefolle om elkenien by namme te neamen, mar sûnder harren hiene wy de 50e edysje fan it Spulwike Surhuzum net organisearje kinnen. Dit jildt ek foar it oantal frijwilligers dat elk jier op it poadium ferskynt. Ik neam it faak, mar sûnder frijwilligers is der fansels gjin doarpsfeest! Dus namens, en ik �nk dat ik hjir namens alle Surhústers sprek: in gru�e tank oan elkenien dy’t de ôfrûne 50 jier op ien of oare manier belutsen west hat by it Spulwike Surhuzum. Ilse Veenstra Op dit moment bes�et it bestjoer út ’e folgjende persoanen: Janneke Elzinga, Baukje Boekema, Gre�enus Scheepsma, Foppe de Jong, Ilse Veenstra, Hille Wijma, Mark Storm, Wouter Postma en Sanne Homan.

8 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication