11 It paad nei de húskes wie mei rydplaten ferstevige, mar dy wiene yntusken djip ûnder wetter ferdwûn. It begûn my in bytsje te muoien dat ik dy learzens dochs net kocht hie. Elkenien rûn yn ponsjo’s en reinklean, as in soarte fan festivalunifoarm. It reinde oanienwei troch. “Lekker weer hè”, sei de sjonger fan de Iron Maiden coverband Up The Irons mei in Limboarchske tongfal. Hy frege him lûdop ôf wêrom’t wy allegearre noch bûtendoar stiene en net yn de tinte. Dat soe yn Limboarch neit barre. Dêr wiene de minsken mar mietjes neffens him. “WY BINNE FRIEZEN!”, raasde in man. En dat is wier, wy sette troch. Krekt as it SOA-Festival. In gegeven dat ús mienskip ferbynt en dat hat it festival prachtich sjen litten. Wy kamen dy jûns yndied mei de auto yn ‘e modder fêst te sitten, mar freonlike waldpiken joegen oanwizingen en treaune de Toyota sa de frijheid temjitte, op nei drûgere oarden. (Foto's: Surhuzum Open Air) Dit artikel van Gabrielle Terpstra is overgenomen van Goeie.frl.
12 Online Touch Home