17

17 wie myn freondinne en nei skoaltiid earst by ús thús oan om wat drinken en wat lekkers en dan gie ik meastentiids mei har nei hûs. De klok fan de toer sei my de tiid dat ik wer nei hûs moast. Wat wie dyn favoriete plakje yn Surhuzum? Dat fyn ik in lestiche fraach mar ik tink toch de Doarpsstrjitte, der wie altyd wol drokte en ferdivedaasje, it jongfolk kaam faak jûns nei iten op ‘e lappen en dan waard er boarte, praat,wille makke grappen úthelle ensf. De doarpsstrjitte fan no is net te fergelykjen mei doe ik jong wie, der wiene in protte winkels en it libbe. Hast noch kontakt mei minsken (freonen as familje) yn Surhuzum? Ik kom faak yn Surhuzum, myn broer Roel en myn suster Lutske wenje noch yn Surhuzum. En Baukje wennet der fansels ek noch. Wat wolst fierder noch oan ús fertelle: Dat ik it ferskrikkelik fyn hoe oft us âlderlik hûs der by stiet it liket no echt wol in spûkhûs. En wat miskien moai is om te fertellen dat ik lêst augustus en begjin septimber it ferhaal fertel oer Ingelsje in wâldfrou in ieren en sinen mei de titel “de swarte skelk” yn de spitkeet op’e Harkema en in Twizel by Pilat en Pilat en yn de Bining it doarpshûs van Twizel. It ferhaal fan ‘de swarte skelk’ fertelt oer it wier barde, net altyd maklike libben fan Ingeltsje, in wâldfrou yn ieren en sinen. Se moat sterk wêze fan harsels en foar dyjingen dy’t se leaf hat. In swarte skelk spilet in wichtige rol at sy belies jaan moat. De lieten yn dizze foarstelling ferwurdzje wat Ingeltsje net sjen litte wol. Henk Vriesema ( ek in âld Surhúster ) hat der ferskes by betocht en docht de muzyk, Baukje de Graaf sjongt de ferskes en Tineke Broers docht de regy en Sander Stienstra de technyk. Kaarten binne te reservearjen by https://www.paviljoenmem.nl/events/deswarte-skelk Heeft u tips voor deze rubriek? Mail ons dan op redactie@gruttegelf.nl

18 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication