9 Dwaande Op tongersdei 18 july ha wy mei “Dwaande” nei pankoekhûs Landzicht te iten west om it seizoen ôf te sluten. Foarôf earst in drankje en in praatsje en doe wie it tiid foar it buffet. Fansels lekkere pankoeken, mar ek fleis gerjochten en patat, it wie wer dik ynoarder. It smakke elkenien tige bêst en nei ôfrin wie der ek noch in iisbuffet mei fruchten. Tinke jo no dêr hie ik ek wol nocht oan, fanôf 5 september geane we wer los yn De Delfeart, eltse tongersdeimoarn fanôf healwei tsienen binne jo fan herte wolkom.
10 Online Touch Home