7 Surhúster om utens FRAGEN OAN IN ALD SURHÚSTER Namme: Janny Nauta Bern fan: Jap & Luts Nauta-Bijma Dêr ha ik wenne: Doarpsstrji�e 20, Nauta Mode & tex�el en Olivierstrji�e Hoe âld biste: 67 Bist fereale as troud? Allebeide, ik bin trout mei John en noch altyd fereale Hast bern? Mei syn 2en ha we 3 jonges en 2 skoandochters, Devin is âld Surhúster. Wêr wennest no: we wenje sûnt 5 jier yn Wilsum, krekt oer de grins yn Dútslân, dêrfoar yn Hengelo. Wat hat dy dêr brocht? Foar de leafde bin ik nei Hengelo tein. Wat dochst no? 10 jier ferlyn bin ik NT2 docent wurden oan de ISK yn Enschede. Dizze skoalle jout û.o. Nederlânske les oan 12-18 jierrichen út oare lannen. Hja moa�e earst ús taal leare foardat se nei it gewoane ûnderwiis kinne. Dêr si�e asylsikers tusken, mar ek bern fan âlden dy’t foar de leafde of foar it wurk nei Nederlân komme. De skoalle telt nou 514 leerlingen mei sa’n 80 na�onaliteiten. Ik fielde my dêr as in fisk yn it we�er, foaral doe ‘t er mear en mear leerlingen kamen dy’t analfabeet bliken te wêzen of semi-analfabeet: wol Sjinees, Arabisch, Oekraïens, Tigrynia, ensaf. lêze en skriuwe kinne, mar net it westerse skri�. Ik koe by dizze doelgroep alles wat ik leart hie as beukerjuf en basisskoallejuf tapasse. Neist kennisoerdracht krige ik mei in soad fan dizze bern in hechte bân, foaral as se hjirre sûnder harren famylje wiene. Ik bin dêrom ek net fuort mei pensjoen gien doe’t ik 67 wurde, mar ha trochwurke oant de ein fan it skoallejier. Wat meist graach dwaan (hobby)? Myn wurk wie myn hobby, dus seach ik wol wat tsjin myn pensjoen op. Ik mei graach lêze en ha in bytsje grientetún,
8 Online Touch Home