9 Ne�lix series “binge”... John is ek thús dus moa�e we inoar mar wat fermeitsje. We ha fan in VW Cra�er sels in camper makke en dêr sille we nou aanst earst mei de wiide wrâld yn. We ha 2 Amerikaanse bulldogs dus dy moa�e ek mei. Wat binne dyn moaiste herinneringen oan Surhuzum? Fan myn 20e oant myn 31e siet ik yn it ûnderwiis. Doe’t heit en mem in opfolger sochten bin ik werom kaam. Minsken helpe yn de winkel wie prach�ch wurk, it wie in moaije �id. Yn dy �id wie ik ek foarsi�er fan de Spelwike. (Ik kin it net Spulwike neame, sorry). Ek dat wie prach�ch om mei te meitsjen hoe it hiele doarp meielkoar elts jier mar wer in prach�ch feest foar elkoar krige. Ek bin ik noch foarsi�er west fan de Doarpshûs Kommisje. Yn dy �id krige ik kunde oan John út Hengelo. En nei ferrin fan 2 jier binne Devin en ik ferhuze nei Hengelo. Wat wie dyn favoriete plakje yn Surhuzum? Dr binne in soad plakjes wêr ‘t ik moaie herinneringen oan ha. Mar thús oan de Doarpsstrji�e bliuwt myn favoriet. Hast noch kontakt mei minsken (freonen as familje) yn Surhuzum? Fansels! Ik rekke mei Cora Groenhof yn de kunde troch dat we beide in lyts mantsje hienen: Riekele Ruurd en Devin. Hast alle wykeinen en ek fakânsjes gienen wy der op út mei ús bern. It is in freonskip fan hast 30 jier!
10 Online Touch Home