19

19 Surhúster om utens Namme: Karst Weening Aldens: Al wer 63 jier. Myn âlders wiene Wobbe Weening en Thelena van der Veen, better bekend as Wobbe Lene út de Pûs. Heit wie molkrider en wy hiene in lyts boerespultsje op de Loanekampen 3. Heit is jong en ûnferwachts ferstoarn yn 1975. Mem is wol âld wurden, en hat oant foarich jier, 99 âld, yn it Fean wenne. Fereale, ferloofd, troud: Sûnt 1994 bin ik troud mei Saskia, en wy ha twa bern, Julia 24 en Sybe 21. Ik wenje al wer 22 jier yn Berkel en Rodenrijs, flak boppe Rotterdam. Dêr wennet trouwens noch in âld Surhúster: Onno Luimstra Wat dochsto no? Ik wenje dêr fanwege it wurk. Earst yn it Westlân yn de blommen en de tomaten. De lêste tsien jier wurkje ik yn Den Haag foar de ierappel bedriuwen. Dy sitte ek yn Fryslân en it moaie is dat ik no yn myn wurk regelmjittich Frysk prate kin. Wat brocht dy dêr? Fan út Surhuzum bin ik fia ferskillende bûtenlannen úteinlik yn Berkel belâne. Earst op myn eigen yn Frankryk en Kameroen. Letter tegearre mei Saskia yn Itaalje en Bangladesh. Yn’t begjin wenne ik tusken troch sa no en dan wer in skoftsje yn de Pûs. Sa wie ik yn de winter fan 85 krekt op it goeie momint thús, en ha doe moai de âlvestêden ride kint. Wat binne dyn moaie oantinkens oan Surhuzum? Oan de legere skoalle ha’k goeie herinneringen, foaral de tiid by master Hofman. Dy hat ús ek de leafde foar de Fryske taal en it skriuwen dêrfan bybrocht. Ferline jier binne wy mei ús klasse wer in middei en jûn byinoar west by Aldert Tsjebbe. Bysûnder hoe

20 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication