21

21 hurd de tiid foarby fleach en hoe fertroud it wer wie. Fia de Whatsapp ha wy no geregeld kontakt mei elkoar. Wat wie dyn favorite plak yn Surhuzum? Ek al wie ik mear in fuotballer, toch ha’k ek hiele goeie herinneringen oan it kuorbalfjild. Komt fansels ek troch de Spulwike. Hasto noch kontakt mei minsken (freonen, famylje) yn Surhuzum? As it efkes kin probearje ik elk jier nei de merke op de Spulwike te kommen. Spitigernôch is dat dit jier net slagge. De measte femylje wennet no yn it Fean. Doe’t myn mem der noch wie, kaam ik dêr sa likernôch elke moanne. No is dat wat minder faak wurden. Yn de Pûs sjoch ik dan faak efkes by Kees en Sanny om ’e hoeke. Wat wolle jo oars sizze: Surhuzum leit fansels yn in prachtich lânskip en dêrom nim ik graach de fyts mei. Ik hoopje noch faak oer de merke te kuierjen of op de fyts in slagje troch it doarp te riden. Denkt u na het lezen van deze bijdrage: ‘Och, je zou die en die eens moeten vragen’, of iemand uit uw familiekring die ergens anders woont? Mail ons dan op redactie@gruttegelf.nl! Dan kunnen wij vragen of diegene mee wil werken aan onze rubriek.

22 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication