3

3 Nijs fan Pleatslik Belang Doarpsjûn Op sneon 25 novimber organisearret Pleatslik Belang in ‘lytske doarpsjûn’. Op dizze jûn wolle wy graach in pub kwis hâlde, ôfwikseljend mei de klanken fan gesellige muzyk. Begjin is 20.00 yn Doarpshûs de Delfeart. Mear ynfo folget fia de Grutte Gelf en oare kanalen. AED Efkes yn herinnering: De AED hinget tsjintwurdich by TM Verhuur ûnder de carport. Hûnepoep It is moai om te sjen dat wy allegearre fan dy moaie bisten hawwe, mar om der foar te soargen dat ús doarp in skjinne en oangename plak bliuwt foar ús allegear, wolle wy in berop dwaan op alle hûnebesitters om harren ferantwurdlikheid te nimmen foar it opromjen fan de hûnepoep. Betankje As lêste, mar fêst net de minste, wolle wy graach diegene betankje, dy sûnder wifelen, ús strjitten, parkje en iepenbiere romten opromje. It is bysûnder te sjen hoe jimme de tiid en enerzjy ynvestearje yn it skjinhâlden fan ús moaie doarp. Litte wy mei-inoar wurkjen bliuwe oan in skjinne en moaie takomst foar Surhúzum. Freonlike groetnis, Pleatslik Belang Surhuzum

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication