9 De beerput fan ‘Gru�e Gelf’ is fuort “Kom op”, sei Henk, “gjist ek mei?” en hij wiisde nei de si�ng achter op de quad. “Wêr wolst hinne it lân yn?”, kaam myn wedervraag. “Dizze kear gean we it lân yn, en fierder oer de Rysloane, want de gru�e wei wurd no ôfsluten en ik bin nijskirrig hoe it der hinne leit.” Dat liet ik my net in twadde kear sizze. Dêr hie ik ek wol sin oan en ik gie by him a�er op ’e quad si�en. Oankommen by de gru�e wei, seachen we dat it hûske der al ôf wie. Om’t wy sa resolút stoppen om te sjen, stoppe de kraanmachinist mei syn wurk en rôp er fanút de kraan: “Ha jim hjir vroeger wenne?”. “Nee seinen wy, mar it is wol in hûs mei in geskiedenis en wy diennen him it ferhaal fan Gru�e Gelf, en dat der selfs it doarpkrantsje nei him ferneamt is. Hij lake bot. “Sjochst dy tsjustere healmoanne op ‘e grûn, tekene yn it sân? Ik ha krekt de beerput der útlutzen. Dêr binne dan ear�ids hiel wat tonsjes ynkaam, �nkst net?!” Wy laken. “Fêst.” “Fêst in hiele pro�e.” Jannie van der Veen
10 Online Touch Home