17

17 Jubileum Joop Postma Op 23 july fan dit jier wie Joop Postma tolve en in heal jier yn it spier as frijwilliger by dei-opfang ‘De Roos’ fan ’t Suyderhuys yn Surhústerfean. Yn ’e febrewarismoanne fan 2011 sette de jubilaris útein mei syn krewearjen. Mei de woansdei as fêste dei. Altyd foar ‘beheinden’ yn it spier. Utsein dan de simmermoannen. Dan wie hy mei syn Djoeke en de sleurhut ûnderweis: sels Súd-Frankryk wie net tefier. Wie de fakânsje foarby, dan ried Joop wer nei en fan ’t Suyderhuys. Somstiden wykliks meardere dagen. De koaronatiid wie dreech foar de riders. Ien, heechút twa minsken mochten meiride yn ’e auto. Mei in flappe trochsichtich plestyk as ôfskieding tusken de minsken yn. Net moai... Nei dy tiid kaam alles wer op dreef: ek dat wie wennen. Ferskate gasten hiene de sykte net oerlibbe. Op tongersdei 26 oktober lêstlyn binne alle jubilarissen yn it sintsje set. Der waard harren in moai bosk blommen en in slûfke taparte. Dat wie in echte ferrassing: Joop wist nearne fan. Ferheard naam er yn ûntfangst. Ek Djoeke hie der gjin weet fan: in superferrassing by Joop syn thúskomst. En wat de dei-opfang ynhâld? Minsken mei in beheining binne in dei út ‘e sleur fan it eigen hûs helle. By de opfang wurde se fermakke mei spultsjes, meiïnoar ite, of se sjogge in film mei bylden út it ferline. Koartom: in dei gesellichheid. Nei ôfrin wurde se wer feilich thúsbrocht. Wy ha dan ek alle respekt foar de lieding fan de opfang en winskje har noch folle nocht en wille ta yn har wurk. En ik winskje my noch in hiele protte ritsjes ta mei Joop achter it stjoer. In ‘meirider-kollega’

18 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication