17 Surhúster om utens Fragen oan in âld Surhúster. Namme: Henk Vriesema Bern fan: Wieger Vriesema en Aafke Hoekstra Dêr ha ik wenne: We binne yn desimber 1964 fanút Harkema nei Surhuzum ta ferhuze. It earste wenplak wie de Van Haersmastrjitte 3. Letter binne we nei de Doarpsstrjitte 32 gong. Neist bakker Wouda. De buorkrije fan Lettinga stie dêr earst en dy is doe ôfbrutsen. Hoe âld biste: Omtrint 67. Bist fereale as troud? Trout mei Eelkje en we hawwe twa prachtige dochters krigen. Wêr wennest no: Oan de râne fan Burgum mei in moai útsicht op it fjild en de bosk. Wat hat dy dêr brocht? Nei myn wurk oan skoallen yn Gerkeskleaster, Surhústerfean en dêrnei Akkrum woenen we dochs wer nei de sângrûn fan de wâlden werom. Oan de râne fan Burgum wie noch in boukavel frij. Dêr ha we doe in wenning boud. Letter waard ik direkteur fan de basisskoalle yn Grou. Nei fjouwer jier kaam de oerstap nei direkteur oan de Arke yn Burgum. In moaie skoalle mei sa’n 400 learlingen. Dat haw ik sa ’n 16 jier dwaan mochten. Werom yn eigen doarp. Wat dochst no? Op dit stuit wurkje ik noch ien dei by Noventa yn Bûtenpost en stjoer dêr de húsfesting fan de skoallen yn Achtkarspelen oan. Foar de rest genietsje we al folop fan it pre-pensioen.
18 Online Touch Home