19

19 Wat meist graach dwaan (hobby)? Muzyk. Eartiids strúnden we mei ús stemmingsorkest De Atlantico’s brulloften, partijen en oare feesten ôf. Nei 20 jier ha we dêr de stekker útlutsen. Dêrnei skreaun ik lieten foar amateur musikanten. Tsien jier lang mocht ik de lieten foar it Sint Pieter mearke fan Grou meitsje. Nei it poadium kaam de tiid fan in soad studiowurk. Dit jier ha we de theaterfoarstelling De Swarte Skelk spile, mei myn nicht Nynke Hoekstra en sjongeres Baukje de Graaf. Fanwege de fraach komme der yn juni 2025, foar de lêste kear, noch in oantal foarstellingen yn theater paviljoen MeM yn Bûtenpost. Wat binne dyn moaiste herinneringen oan Surhuzum? Doe’t ús hûs oan de van Haersmastrjitte boud waard fûnen se dêr de funderings fan it lânhûs Woudlust. Om archeologysk ûndersyk te foarkommen ha de bouwlju alles mar gau tichtsmiten. As bern haw ik dêr in protte yn de grûn omsocht nei âld spul. Pipekoppen en kapotte flier estrikken wienen myn ‘skatten’. Ek ûnder de wenningen oan de Lustenburg, dy’t efter de pleats fan Hartholt boud waarden, siet in soad materiaal yn de grûn. Dêr siet ek noch it restant fan in mitsele wetterput yn ‘e grûn. Dy moat der noch sitte. Efter de pleats fan Hartholt rûn in sleat dy’t útkaam op in lytse dobbe efter it hûs fan Doarpstrjitte 46. As folwoeksene seach ik op âlde kaaarten dat dit it restant fan de fiver fan Woudlust wie. Myn belangstelling foar archeology is dêr ûnstien. Wat wie dyn favoriete plakje yn Surhuzum? Hoe kin it ek oars: de Surhúster toer. Hast noch kontakt mei minsken (freonen as familje) yn Surhuzum? Myn broer Roel en in pear maten fan doe wenje der noch, yn Burgum wenje noch in tal Surhústers, mar foar de rest ha ik eins gjin kontakten mear yn Surhuzum. Wat it wurk oanbelanget: de skoalle ha we in pear jier lyn noch in moaie renovaasje jaan kind. Wat wolst fierder noch oan ús fertelle: In leuk idee om âld Surhústers nochris yn de grutte Gelf oan it wurd te litten.

20 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication