3

3 Wy binn’ de ljochtsjes fan de kryst. Sjoch ris hoe ’n soad der binne. De flamkes dûnsje op en del, it feest kin no begjinne. Wy binn’ de ljochtsjes fan de kryst en kinne elk wat skinke. Wy wolle skine yn ’e wrâld en ek om oaren tinke. Wy binn’ de ljochtsjes fan de kryst. Wy bringe goede winsken: dat alle bern te iten ha en frede foar de minsken. Wy binn’ de ljochtsjes fan de kryst, wy wolle helder skine en troch ús kearskes waarm en rea sil no de nacht ferdwine. Wy binn’ de ljochtsjes fan de kryst. Wy flonkerje fan wille. Wy hoopje dat ek yn ús hert de ljochtsjes skine sille. Gedicht troch Jelle Bangma út ‘De fersierde krystbeam’ Wy winskje al ús lêzers, donateurs en advertearders noflike krysdagen en in lokkich en sûn 2023 ta! Djoeke, Kornelis, Meindert, Auke en Beitske

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication