5

5 Nijs fan Pleatslik Belang Piersma 100 jier 100 jier kafee/kafetaria/pankoekhûs Piersma dizze moanne. Aldert Tjibbe syn pake kocht it yn 1922 en siet der yn oant 1962. Willem en Anneke namen it oer foar de 37 jier dy 't folgen. Fan 1989 oant no hawwe Aldert Tjibbe en Marianne yn it pân sitten. En dan waard it pân mei boujier 1872 dizze moanne ek nochris 150 jier. Hiel bysûnder dus. In hoarekapân dat 100 jier yn de famylje is sjogge we net faak mear. Pleatslik Belang lokwinsket de famylje Piersma fan herte en we hoopje dat we noch lang fan se genietsje kinne. Stamppotbuffet Op freed 25 novimber wie it sa fier, it stamppot buffet foar allinnichsteanden, in moai inisjatyf fan Bouwe Kinderman en Popko de Vries. De organisaasje koe rekkenje op in bydrage fan Pleatslik Belang en sadwaande krigen wy ek in útnûging. Al mei al wiene der sa 'n 20 persoanen. Spontaan waard de telefyzje ek noch oan set, want Oranje moast fuotbalje. De wedstriid einige gelyk wat in bytsje teloarstellend wie, mar dat koe eins gjinien wat skille. Bouwe en Popko, dankewol foar it organisearjen. It wie in prachtige jûn. Fytspaadferljochting Koartwâld Wa’t bestjoerslid west hat fan Pleatslik Belang, wit dat foar guon ûnderwerpen in lange azem nedich is. As wy de argiven yndûke is te sjen dat der sa'n 30 jier lyn al in winsk wie om fytspaadferljochting te hawwen by Koartwâld. Sûnt dit jier is dêr wer wat beweging yn kaam. It lêste nijs dat wy mei jo diele kinne is dat der op 31 oktober in brief út it kolleezje fan b. en w. fan de gemeente Achtkarspelen wei ferstjoerd is nei Deputearre Steaten (provinsje) as ferfolch op de moasje fan de gemeenteried op 21 april 2022. In fragmint út dy brief: “Een goed alternatief is het plaatsen van ledverlichting in de as van het fietspad. De gemeente heeft hier goede ervaringen mee en past dit al veelvuldig toe op fietspaden in het buitengebied. Daarnaast heeft Plaatselijk Belang Surhuzum aangegeven dat deze vorm van oriëntatie verlichting ook bijdraagt aan de gestelde doelen en zij staan hier positief tegenover. De gemeente Achtkarspelen

6 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication