25 It 1e stempelplak is by Camping de Poel yn Opende wêr’t de kuierders fan 30 en 20 km koffie/thee en koeke krije kinne. De sfear sit er dan al hielendal yn. Gesellich. De 30 km gjit troch rjoch�ng Trimunt nei stempelplak Camping Jiltdijksheide wêr’t de thee/ko�e en sûker/krintenbôle klear stjit. Derwei geane se fierder Grinslân yn nei it Curringherveld yn Kornhorn. Hun 3e stempelplak, hjir stjit foar hun thee/ko�e en tsiis/woarst klear. Fan dêr geanne se wer rjoch�ng Opende. De 20 km giet fanôf Camping de Poel noch in s�kje rjoch�ng Trimunt en dan werom nei Opende wêr it Barontheater hun 2e stempelplak is. Yntusken binne de kuierders fan de 15 km hjir ek oankaam foar hun 1e stempelplak. Hjir is thee/ko�e en sûker-/krintenbôle. Fanôf dizze hoeke geane se allegear rjoch�ng Peebos nei de Theetuin Blotevoetenhof. Hjir komme alle ôfstânnen lâns foardat se werom nei Surhuzum rinne. It lêste stempelplak. Hjir is it gesellich drok, komt ek mei troch it moaie waar. Eltsenien sit bûten te genietsjen fan in oaljebol en poeiermolke. Noch e�es troch de Mieden en nije fytstunnel werom nei Surhuzum. De finish. Lêste stempel, penne mei logo as herinnering, in kop snert en it sit der wer op dit jier. Op nei it jubileumjier 29-12-2026. 15e Slach om ’e Toer. Der ha 848 kuierders meidien. It wie wer in �ge slagge dei. Wy wolle alle sponsors, frijwilligers en kuierders hjir foar tank sizze. Bestjoer Slach om ’e Toer
26 Online Touch Home