9 Ear�ids hat âld-wethâlder Max de Haan tasein dat de ynwenners fan Surhuzum sels de namme fan de tunnel be�nke mochten. Trochdat wy no al wer in oantal jierren fierder binne, wie dit wat wat út it sicht ferdwûn. Doe’t Pleatslik Belang op ’e hichte brocht waard fan de iepening, like ús dit in goed momint ta om sawol provinsje as gemeente hjir wer oan te herinnerjen. Gelokkich s�e de gemeente noch altyd iepen foar dit plan. In namme be�nke op sa’n koarte termyn wie lykwols wat les�ch. Dêrom waard by de iepening in leech nammeboerd toand. Dêrmei is dúdlik makke dat de minsken út Surhuzum sels de namme be�nke meie. Hawwe jo in moaie namme? Stjoer dy dan yn nei pbsurhuzum@surhuzum.nl, mei fermelding fan jo namme én adresgegevens. By oare fragen kinne jo ek altyd e�es kontakt mei ús opnimme. Freonlike groetnis, Pleatslik Belang Surhuzum
10 Online Touch Home