15 Schaamteloos Doe’t ik yn ferwach�ng wie fan ús tredde bêrn, herinnerje ik my noch dat myn skoanheit ferheard wie. Hy hie net ferwachte dat wy noch in tredde ha woenen. Gekjeijent ha’k doe tsjin him sein: “We moasten wol. De earste twa ha wat tefolle ‘van der Veen’ bloed meikrigen, ik ha der dizze kear wat oars fan makke”. No binne we 25 jier fierder en is it ek noch sa gongen. Doe’t Edzer jonger wie hâlde ik myn hart wolris fêst, wat gean we no wêr belibjen. Ympulsyf dat hy wie, fûn hy fan alles út. Om him, as mem wêzend, dochs op de rem te krijen, rop ik dan wolris “net te idioat hé”. Eigenliks wist ik wol dat dat oan dovemansearen rjochte wie. Dizze kear hie ús jongste mei syn freonen op de playbackshow it ferske ‘Tequila’ betocht. Op it poadium allinich mar wat schiepach�g it publiek yn sjen en as klimax: Mei de kop yn de kliko dûke!! “Dat moat Edzer dan mar dwaen, want die skammet him nergens foar”. Neffens syn freonen. Le�er kaam dan ek de fraach fan in jeugdfreon fan Henk “fan wa hat er dat?” en hy seach oerdúdlik nei my, want it moast dochs ergens wei komme. Yn gedachten gie ik werom nei myn jeugd. Op 1 april moasten myn âlders fersich�g wêze. Myn omke betocht al�ten wat, om de hiele dei yn de hens te krijen. Ien kear op in doarpsfeest kaam der ynienen yn, in apepak e�er my oan fleanen. Ik skrok my wyld... dat die myn omke. Myn broerke wurke by de slachter. Doe’t syn leraar krekt lâns wêst wie, hat hy it presteart om fan in krekt slachte bolle, de bollepiest oan de útlaat fan de leraar syn auto te binen. Unbeskamme. Ik ha it dan net oer in stjonksigaar, nee, oer in echte bollepiest (de penis fan in bolle). En nim fan my oan minsken in, bollepiest is slachte nog gru�er dan grut. De leraar kaam der thús pas e�er, ...not ammused. Mar alle minsken dy’t doe oan it wurk wiene, hienen it sjoen. Dat by it fuort ryden dy bollepiest e�er syn auto stuiterde en se koenen net wer ophâlde fan gnizen. En dan myn nichtje. Mei al har crea�viteit wie sy dygene dy’t steefêst de minsken yn har doarp fermakke. Om’t se it foartouw naam by doarpseveneminten, dêr waard alles út de kast helle. Har útdaging wie: hoe gekker hoe moaier. Op de meast ûngemaklike mominten, wêr de measte minsken fan �nke: dat sizze we mar net, dan die sy dat dan just wol. Wêr troch se eltsenien oan it laitsjen hie. Sa adrem, ûmbeskamme humor. Alles wat se ú�ûn wie net foar eigen gewin, net om prizen en ek net om oandacht. Al moat ik sizze dat minsken die wat bûten de lijntsjes kleurje fansels al�ten wol de oandacht lûke.
16 Online Touch Home