11 Wat binne jo moaiste herinneringen oan Surhuzum? In hiel moai oan�nken is brassband “Excelsior”. Ik spile der in pro�e jierren mei, joech konserten, ens�. Myn pake Roel Hoekstra en syn hiele famylje diene ek mei, lykas syn bern Hendrik, Sjoerd en Tollie. Mar ja, de �id giet troch en de neamde minsken binne allegearre al ferstoarn. Yn Koartwâld wennen Roel en Lutske Hoekstra. Yn ’e mai�id gong ik mei “pake Roel” gauris op syk nei ljip-aaien. En yn de hjerst wie ik fansels al�ten mei de jachtgroep op de omlizzende �ilden fan Surhuzum op jacht. Oan it ein fan’e sneontemiddei wie der fansels altyd in drankje yn it kafee oan it Sûd. Wat foar my yn Surhuzum ek in moai punt wie, is dat ik altyd mei in pear freonen (Piet Bouma en Jan Le�nga) nei it kanaal gie om simmerdeis te swimmen. As der dan in (folladen) boat kaam, klommen wy der op. De trúk wie dat de boat rjocht nei dy ta kaam en dan koest der fan de kant op klimme. By de slûzen fan Gaarkeuken koene je dan oerstappe op in lege boat dy’t heech op it we�er lei. By Blauferlaat sprongen wy fan dy hege boat wer it we�er yn! Ja, en fansels wolle jo wille hawwe yn jo jeugd. Mei in groepke jonges (wêrûnder Jelle de Vries bygelyks) ha wy jûns faak e�es op besite west by Epke Bouma yn de skuorre e�er it molkboerhûs oan de Bartemerwei. Fansels hie elkenien in bierke. Sie�e Vriesema, Kermaria Sulard (Frankryk) Tinke jo nei it lêzen fan dit ar�kel: “Oh, jimme moa�e dy o� dy ris freegje”, of immen út jo famyljekring dy’t om utens wennet? Stjoer ús dan in mail op redac�e@gru�egelf.nl! Dan kinne wy freegje o� dy persoan meidwaan wol oan ús rubryk.
12 Online Touch Home