9

9 Surhúster om utens FRAGEN OAN IN ÂLD SURHÚSTER Namme: Sie�e Vriesema Ik bin in soan fan: Wieger en Aa�e Vriesema. Ik ha oan de Van Haersmastrji�e wenne by myn âlden en myn bruorren en suster Luts, Roel en Henk. Le�er ferhuzen Wieger en Aa�e nei in oar nij hûs njonken de bakkerij Wouda oan de Doarpstrji�e. Hoe âld binne jo? Wat stelle jimme der spesjale fragen. Is dat sa belangryk? Nou ja, goed, ik fiel my noch al�ten as in jonge man fan 76 jier âld. Binne jo troud? Ja, dat kloppet. Mar ik bin ek skieden. Ik wenne mei myn earste frou as learaar basisskoalle yn Kornhorn. Wy hawwe 2 soannen krigen. De âldste wennet no yn Noard-Dútslân. De jongste is piloat by KLM en is oer de hiele wrâld te finen. Wat hawwe jo dien? Nei myn perioade yn Kornhorn krige ik wurk op de basisskoalle yn Beetstersweach. Dochs ha ik op in gegeven momint it ûnderwiis ferli�en. Ik bin selsstannich ûndernimmer wurden yn de feefoerhannel. Dat wol sizze in gruthannel nei de ferskate foerhannelers yn de doarpen. Ik wenne doe yn Lippenhuzen. Ik bin dêr ek skieden, mar de beide soannen bleaunen by my wenjen. Ik bin 16 jier lyn wer troud mei in frou út Antwerpen. Der komme echt noflike minsken wei, krekt as myn Annie! Wêr wenje jo no? Ik wenje no yn Frankryk, �chtby de kust. It is in prach�ch kustgebiet hjir by Perros Guirec. En fansels bin ik no mei pensjoen. Ik fyn it hjir echt moai, mar ik �nk ek dat it in grut foardiel is dat it hjir ek in s�k s�ller as yn it drokke Nederlân.

10 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication