3

3 Nijs fan Pleatslik Belang Koperen goate om de tsjerketoer? “Een koperen goot om de toren van Surhuizum te beschermen tegen vocht? Slecht plan, vindt de Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed (RCE).” Dat skreau de Ljouwerter Krante op 1 maart 2022. Pleatslik Belang wist fan neat. Fierder hie de gemeente Achtkarspelen Pleatslik Belang noch net benadere dus is der neifraach dien by de gemeente. No is bekend wurden wêr’t de goate foar tsjinje moat. Yn petear mei de gemeente Op 10 maaie 2022 waard dúdlik dat de gemeente plannen hie om in koperen goate oan te bringen om de tsjerketoer. Tafallich wie de ledegearkomste fan Pleatslik Belang ek op dy dei. De koperen goate soarge foar wat fraachtekens by guon doarpsbewenners. Wêr moat de koperen goate foar tsjinje? It opfangen fan it fallende pún, rein of hat it in oar doel? Yn de wiken dy ‘t folgen hawwe der petearen west mei de belutsen amtners fan Achtkarspelen, doarpsbewenners en doedestiids wethâlder. De gemeente hat doe útlein wêr’t de goate foar tsjinje moat: de ferwachting is dat de goate derfoar soargje sil dat de toer minder wiet wurdt, wat goed wêze sil foar it libbensbehâld.

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication