17

17 Surhúster om utens FRAGEN OAN IN ÂLD SURHÚSTER Namme: Wieke Oostra-de Vries Bern fan: Pieter en Hendrikje de Vries Dêr ha ik wenne: Ik ha wenne mei myn heit en mem en sus Jellie op de Doarpsstrji�e 22 tusken de slachter Wobbe Bouma en tex�elwinkel Nauta. It hûs wêr’t Rint van der Meulen no wennet. Hoe âld biste: Ik bin no 58 jier. Bist fereale as troud? Ik bin troud mei Taeke Oostra út Gerkeskleaster. We hawwe 2 bern, Wim en Hennie. Wêr wennest do no: Wy wenje no yn it moaie Boerum- city (Burum), wêr’t we in moai útsicht hawwe op de Gru�e Earen! Wat hat dy dêr brocht? Toen we troud binne hawwe we twa jier yn Kollum wenne, mar we misten it doarpsgefoel wol in bytsje. In kollega fan Taeke hie syn hûs te keap yn Boerum. Sa binne we hjir te lâne kaam. En dêr hawwe we gjin spyt fan. Wat dochst no? Nei 12,5 jier gastouder west te hawwen, bin ik wat yn’e blomkes rûgele. Dat past moai by it wurk, túnûnderhâld, fan myn man. Foar de Kryst ha ik 4 jûnen workshops jûn, wat ek hiel slagge wie.

18 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication