19 Wat meist graach dwaan (hobby)? Ik mei graach wat knutselje. Ha yn dy 12,5 jier mei de bern hiel wat ôf knutsele. Fierder mei ik ek graach kaartsjes meitsje, dat doch ik faak mei myn sus. Foarhinne gongen we 2x yn’t jier mei ús beiden nei de karavan. Mar no we beide gjin karavan mear hawwe geane we no 1x yn’t jier mei ús beiden der op út om kaartsjes te meitsjen. Wat binne dyn moaiste herinneringen oan Surhuzum? Myn moaiste herinneringen oan Surhuzum binne �nk ik wol de Spulwike en it reedriden op de feart. Wy hiene al�ten in pro�e wille mei freondinnen en freonen. Wat wie dyn favoriete plakje yn Surhuzum? Hmmm, dêr wiene wol meardere plakjes, mar ien dêr fan wie wol it kor�al�ild e�er de Lustenburg. Mei moai waar wurde dêr al�ten ôfpraat om nei Strânhiem te gean. Mar we mochten dêr ek graach byelkoar si�e te kletsen. Mem sei faaks: ‘As dat �ild ris praa�e koe...’. Hast noch kontakt mei minsken (freonen as famylje) yn Surhuzum? Hast noch kontakt mei minsken (freonen as famylje) yn Surhuzum? Yn Surhúzum kom ik net sa faak mear, mar wy komme mei ús seizen as freondinnen (Josephine van Dijk, Hennie Bosgraaf, He�y Scheepsma, Jannie de Boer, Aa�e Kinderman) noch al�ten by elkoar mei de jierdjes. Fierder hawwe we in app groepke fan âlde buorfamkes, dat binne: Fokelien & Anneke Bouma, Jikke S�en Hoogsteen, Gerda de Vries, myn suster Jellie & ik. Wy besykje 1x yn’t jier mei syn allen út iten te gean. Dat is al�ten beregesellich en dy jûnen binne fierstente koart. Wat wolst fierder noch oan ús fertelle: Ik mei graach nei de Surhúster Spulwike merke gean, tegearre mei Jellie. We treffe dan in soad bekenden en lee�iidsgenoaten. In reünie gelyk. We hoopje dêr noch faak te kommen.
20 Online Touch Home