20

Brânspuiten en oare saken De krystbeam dit jier net yn ‘e brân flein? En gjin fjoerwurk dat de hage yn ‘e lôge sette? Lokkich mar! It is ek net te hoopjen, fansels! Mar stel dat it misgean soe: tsjintwurdich ha wy aldergeloks in brânspuit dy’t yn in pear minuten te plak is en fuortendaliks útein set! Goed hûndert jier lyn wie dat fansels hiel oars. It is eins noch net sa lang lyn dat de Mantgumer brânspuit in plakje hie yn de eardere konsistoarje, neist de tsjerke. Oan it hûs dêr’t Andries Kobus en Nico Kloppenborg tsjintwurdich wenje kinst it noch sjen: de brede doarren oan de linkerkant fan de foargevel jouwe noch oan wêr’t eartiids de brânspuit stie. Oude brandweergarage Der sitte no moaie glêzen foar – mar de fleugel fan Andries stiet dus op it plak dêr’t eartiids de brânspuit stie. It feit dat de brânspuit doedestiids boppeoan de terp húsfêste wie, sil ek wol in foardiel hân ha: it weintsje koe frij maklik by de terp del oan it rôljen brocht wurde nei it plak fan de brân ta. Hynderke der foar, dat wol, mar it luts fêst wat noflker foar it bistke. Begjin 20ste iuw waard der in brânspuit oantúgd, en yn de tweintiger jierren (1923 om krekt te wêzen) kaam der ek wer in nije – iepen – brânspuit. In “Magirus automobielbrandspuit”, makke by de firma Geesink út Weesp. Moai âlderwetsk modeltsje, ljerdderkes der boppe op, iepen tsjillen, sjike spatbuorden en B-6326 as nûmerboerd. De B stie yn dy tiid foar Fryslân; nûmerbuorden wiene 18 Mandeguod

21 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication