Of bygelyks de brân fan de pleats fan de famylje Flapper yn Weidum, by it Weidumerhout, midden jierren 60. Doe frear it sa bot, dat de brânwarmannen it wek dat se yn it iis kapt hiene, hast net iens iepen hâlde koene. It frear daliks wer ticht! Dat ja, soms is it wol hiel dreech om genôch wetter te krijen. Jongstra wie yn earste ynstânsje twadde sjauffeur, en Berduszek wie earste sjauffeur. Berduszek wie in Rus fan oarsprong, dy’t mei syn húshâlding wenne yn it lêste blokje fan de ‘wite huzen’ oan de Skillaerderdyk (Johan en Aaltsje en harren flouwer jonges ha no de lêste twa blokken ta harren beskikking). Doe’t Berduszek mei pinsjoen gong waard Jongstra earste sjauffeur. Eelkje bleaun ‘feeling’ hâlden mei de brânwar, want letter naam har man Ynte it plak fan Jongstra yn as sjauffeur. Yn al dy tiid is de brânwarkazerne uteraard ek mei syn tiid meigongen. De brânwargaraazje by it âlde gemeentehûs oan de Seerp van Galemawei is nei de gemeentlike weryndieling yn 1984 (Baarderadiel en Hinnaarderadiel waarden doe Littenseradiel) oan de Skillaerderdyk kommen. Dêr is fansels gâns mear romte – de auto’s binne fansels ek aardich grutter as eartiids. Wie Mantgum eartiids in lyts doarpke – net sa’n soad huzen, wol aardich wat minsken – foar bern wie der dochs genôch romte om je te fermeitsjen. Winterdeis koest achter alle huzen lâns reedride. Allegear lytse ûndjippe sleatsjes, dus samar beferzen. As it leechlân op Skillaerd der ûnderstrûpt wie koest oan de mole taride. Dêrmei bedoelt Eelkje de Amearikaanske Wynmotor dy’t op Skillaerd stie, tichte by it spoar. Ein foarige iuw is dy mole ôfbrutsen. Amerikaanse windmolen Mandeguod 23
26 Online Touch Home