27

En simmers swimme. No ja, swimme, de measte minsken koene doe net swimme. Eelkje hat – krekt as yn dy tiid in protte oare bern – de earste begjinsels fan swimles fan har heit leard: tou om ‘e mul en sa it wetter yn. Koe it nea misgean… Letter hat Eelkje har ‘swimlessen’ noch aardich byspikere yn it Ljouwerter swimbad ‘De Overdekte’. In favoryt swimplak fan de Mantgumer bern wie fansels de Swette by it Mantgumer Húske. Ferklaaie yn de skuorre fan Thomas en Jeltsje Brandsma! Perfekt swimplak! In oar fersetsje foar de Mantgumer bern wiene de jierlikse útstapkes mei Neeltsje Bosch. Neeltsje wenne yn de foarste helte fan it lêste hûs oan de Fearhûshoeke en hja kuiere alle jierren in kear mei de Mantgumer beukers nei Lucht en Veld. Dêr fertelde hja harren prachtige ferhalen. Neeltsje koe de bern ferhalen fertelle dêr’t de bern hielendal yn mei gongen! En fansels dêr picknicke! De gruttere bern rûnen mei Neeltsje nei it Raarder Bosk. Op healwei by de grutte kop-hals-romp-pleats fan de Schoustra’s krigen de bern dan wat drinken en fierder gong it wer, op nei Raerd. Sa wiene de bern de hiele dei ûnder de pannen. Mar wat in moaie dei hiene hja dan hân! Underweis songen de bern it heechste liet – want sjonge koe elk. In ynstrumint mocht net elkenien barre, mar wat in wille koene je al sjongende ha! En as de jeugd Neeltsje har útstapkes ûntgroeid wie, flanearden de jonge fammen en de opslûpen jonges op de Hegedyk. En foardatst it witst bist wer safolle jier fierder en is dit alles histoarje… Neeltje Bosch Mandeguod 25

28 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication