Fan it toaniel ferdwûn? Ja, kinst wol op de bel drukke, mar hy is sa doof as in kwartel! Dat heart er fansels net! Mar de hûntsjes fan partner Henk hearre de bel wol en komme entûsjast blaffend by de doar. En dêr is Monte sels ek al. Ek like entûsjast as altyd! Monte Huizinga – wa ken him net? Geregeld ûnderweis foar in blokje om en noait te beroerd foar in praatsje! Dat lêste is eufemistysk útdrukt fansels: Monte is gewoan in man dy’t graach mei minsken omgiet. En graach ûnder de minsken is. It is in man mei twa passys: auto’s en toaniel. Dat fan dy auto’s siet der al jong yn. As famke boarte ik faak mei Monte’s âldere suske Frouwkje, en dan fernuvere ik my oer dat broerke dat de hiele tiid mei syn autokes oer de tafel ried. Wûnder fermaak… Do snapst it al, ik ha neat mei auto’s. En dan fansels: toaniel. Monte’s toanieldebuut wie op de trouwerij fan syn âldste suster Wieke: “It hintsje Pikjepok “. Hy wie fiif jier en rôle fan blidens in slach oer de kop doe’t er it ferske goed opsein hie. Dat is no al mear as 60 jier lyn, en toaniel – spylje en regissearje – is noch altyd Monte’s grutte passy. Iepenloftspullen: sawol spylje as regissearje; ‘moarddiners’ werby’t in tal toanielspilers it publyk meinimt yn it ‘komplot’; mei in kollega-toanielspylster as ‘Pake en Beppe’ koarte acts op ‘e planken sette; you name it, Monte hat it allegear by de ein hân. In protte minsken ha him ein oktober noch spyljen sjoen yn it toanielstik dat opfierd waard op de jûn fan ‘20 jier Wjukken’. Mei Hinke en Sanne as tsjinspilers, yn ‘e mande mei de Mantgumer Maten. Dat wie lykwols syn lêste toanielstik, hat Monte besletten. It giet him o sa oan it hert, mar it falt him iderkear dreger om yn in toanielproduksje mei te draaien. De reden? Hy is eins hartstikke doof. In handikap yn in hiel soad situaasjes, mar al hielendal yn it toaniel. Flotwei reagearje op dyn kollega-spilers wurdt dan in hiele toer. Hinke fong dat lêsten prima op troch bepaalde hânbewegings, en hy telde de ferskes dy’t de Mantgumer Maten songen, sadat er wist hoefier it stik foardere wie, mar dochs… Hoewol’t er gruttere produksjes mei meardere spilers dus ôfsward hat, kin er it toanielspyljen net litte en sa docht er dochs noch wol wat oan toaniel: koarte acts en ymprovisaasjes dy’t er allinne dwaan kin, of heechút mei ien MANDEGUOD 13
16 Online Touch Home