17

meispiler. Dan hoecht er him net sa bot te konsentrearjen op de fraach: wannear begjint myn tekst wer? Sokke koarte acts fan sa’n 10 minuten, in kertierke, wurdt er lokkigernôch noch geregeld foar frege. Koartlyn die er yn Grou noch in act as menniste dûmny. It is in genre dat er eartiids ek faak dien hat, dat it sil fuort net slagje om Monte achter de geraniums te krijen… Syn dôvens is spitigernôch in famyljekwaal; syn heit, syn broer en ien fan syn susters ha der ek mei te krijen. Kinst dochs in gehoarapparaat nimme, tinke guon dan. Dat hat Monte al lang, mar sa’n apparaat dat dan sa simpelwei op de televyzje oanpriizge wurdt is allinne foar de mindere goaden ûnder de doven. Foar sa’n simpel apparaatsje is Monte fierstente doof. Dêr moat swierder geskut foar ynset wurde. Der binne tsjintwurdich lokkich hoe langer hoe mear technyske snufkes dy’t him wat helpe kin. De ‘Roger pen’ is ien fan dy moderne helpstikken. Monte hat dan sels in mikrofoantsje om ‘e nekke, en dyjinge dêr’st mei yn petear bist hat de Roger pen om ‘e nekke. Dizze lêste moat net ferjitte om de Roger pen even ôf te dwaan as er nedich nei it húske moat, want oars heart Monte alles… Ek mei toanielstikken kin sa’n Roger pen in útkomst wêze. As de spilers in headset mei mikrofoantsje drage, regelje de gelûdsminken achter de skermen dat alles troch de Roger pen opnommen wurdt, en sa kin Monte it toanielstik aardich benei komme. Ringlieding is ek net altyd in oplossing foar sa’n min gehoar as dat fan Monte. Foardatst it witst komt der in brom of in hege piip trochhinne, en dan bist noch fierder fan hûs… No binne der lykwols in pear froulju dêr’t Monte ek tige wiis mei is: Tsjimk en Lucy. Ferline jier kaam er der nammentlik achter (via “Hoor Friesland”, in ynstitút dat no fuortbesunige is) dat der skriuwtolken besteane. Dy skriuwtolken type – op in spesjaal toetseboerd – de petearen fuortendaliks út, dan kin dyjinge dy’t min heart der neist sitte en tagelyk à la minute meilêze op it laptopskerm wat der sein wurdt. Of de tekst wurdt fuort fia in beamer op in grut skerm projekteard sadat mear minsken tagelyk meilêze kinne. Monte hie de help MANDEGUOD 15

18 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication