fan dizze beide froulju ferline jier ‘ynhierd’ by in teaterproduksje fan LF 2018. In gebarentolk, dogge sommigen as suggestje. No, dat wurdt him net mear ast op lettere leeftiid doof wurdst. Dêr moatst eins fan jongs ôf oan mei opgroeid wêze. En dan noch: de omstanners kinne yn de measte gefallen nèt gebarentaal – dus dan sjitst der nòch net folle mei op. Hoe hat er it dan mei de telefoan? ‘Dan moat ik mar goed lûd raze’, tinke sommige minsken as se Monte opbelje. Krekt net! Monte hat in spesjale telefoan en lûd prate helpt dan echt net. Rêstich prate en net al te fluch rattelje op in Matthijsvan-Nieuwkerk-tempo… Koartsein: je moet er maar mee leren leven. Ach, Monte sjocht de humor dêr bytiden ek wol fan yn. Lêsten kaam er Andries tsjin, en dy rôp wat. Monte gebearde dat er it net ferstie, dat er earst tichterby wêze moast. Andries rôp nochris, dat Monte mar wer roppe dat er te fier fuort wie om it ferstean te kinnen. Doe’t er by Andries wie kaam de aap út de mouwe: Andries hie syn hûn roppen… Henk fertelt ek oer dy sjenante mominten yn sa’n grutte supermerk bytiden, as er Monte oanwizings jaan wol by hokker ôfdieling hy wêze moat foar de goede boadskippen. “Sta ik daar te roepen en te wijzen, en hij gaat telkens de verkeerde kant uit”, skodhollet Henk - it winkeljend publyk yn fernuvering efterlittend… Monte lit him lykwols net troch soksoarte situaasjes ôfskrikke – je moatte ûnder de minsken bliuwe, assertyf wêze, net thús sitten bliuwe, ek al krijst pine holle fan alle besite op in jierdeisfeestje – der gewoan hinne. No hat er him wol oanleard om yn sokke situaasjes geregeld efkes immen mei te nimmen nei in oare romte, om efkes ien-op-ien te praten. Krigest noch wàt mei fan de petearen! In oar fenomeen is dat Monte yn winkels faak hiel ticht by de ferkeaper stean moat om him of har te ferstean. Mar as je te ticht by minsken komme te stean fine de measten dat net fijn, dan komst yn harren ‘private space’ of hoe’st it MANDEGUOD 17
20 Online Touch Home