21

mar neame wolst. Dêrom warskôget er altyd dat er dat docht omdat hy tige min heart. En dan hat nimmen beswieren mear. Moatst dus gewoan foar dysels opkomme, dan komst in hiel ein, konkludearret Monte. Syn oare passy: auto’s is er ek wer mei dwaande. Jierrenlang hat er in autorydskoalle hân, mar nei in whiplash krige hy in pear kear in blackout ûnder it lesjaan, dat hy waard ôfkard. Tsjintwurdich jout hy teorylessen en eksamentraining foar it autoriden. Ek dêr is it devys: as in learling him wat freegje wol, moat er der hinne rinne, oars ferstiet er de fraach net. En hy is uteraard hielendal yn syn elemint op in ‘classic cars’-sjo. It is dêr faak ridlik rêstich en dan kin Monte mei syn dôve earen prima op nivo prate mei de mannen dy’t by sa’n autosjo heare. Neamst it wurd auto, dan fearret Monte hielendal op: syn âldste suster hie ferkearing mei in jongkeardel dy’t in áúto hie. Wow, dat wie wat yn de jierren 50. It wie sa’n swartenien, mei fan dy treeplank-spatskermen. Monte draaft fuort nei achteren en komt mei in dinkytoys-modeltsje fan dy swarte auto oansetten: in Citroën Traction Avant. Monte wit noch skoan dat er dan yn dy auto klom en achter it stjoer sitten gong: wroemwroemwroem. Yn dat tafereeltsje sjocht er himsels werom no’t syn lytse pakesizzerke Jinte deselde passy hat: se is noch mar kwalik twa, mar as se it rêde kin krûpt se achter in autostjoer en dan giet it fan: wroemwroemwroem… Lys Scarse MANDEGUOD 19

22 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication