Wrafke – It paad bjuster… Ynienen stie hy foar ús. De man dy’t wy wolris faker thúsbrocht hawwe, om’t hy syn eigen hûs net wer fine koe. Mar dat wie by ljochtskyndei; no wie’t sa tsjuster as de nacht wêze kin. Frou skrok d’r suver fan, ikke net fansels. Ik hie him allang yn ’e noas. Wy rûnen de slach om it plak wer’t deade minsken ûnder de grûn lizze, want dêr mei ik altiten efkes los omstrune. De bêste man moat op it bankje sitten hawwe te jûnpizeljen of sa. Hy hie hielendal net yn’t sin om Frou skrikke te litten. “Wat in moaie ferljochting hat jo hûntsje om ’e hals, nei alle gedachten is dat ek wol wat foar my!”, lake hy. Mei-inoar kuieren wy op nei’t stek, dêr moast ik wer fêst oan de line. Lâns it nijmoadrige kafee wer’t ik earder fan tocht dat de man dêr wenne. Hy komt d’r wol faak, sei er. Se skine gjin huppeltsjewetter te skinken, it moat dus in soarte fan Blauwe Tinte wêze foar minsken dy’t it paad nei hûs bjuster binne. Ik kin my soks net begripe. At se my de earflappen foar de eagen fêstbine, kin ik it paad nei hûs blyn noch wol fine. Myn noas bringt my altyd wer’t ik wêze wol. Dat skynt lykwols by minsken net sa te wurkjen. De man begûn Frou út te lizzen wêr’t hy wol en net lâns rinne mocht, en dat hy foaral net lâns in feart rinne moat. Dat kin ommers nuodlik wêze. Underweis woe hy ús fan alles sjen litte en oanwize. Sadwaande rûnen wy slingerjend it doarp troch. Ik fyn dat nijsgjirrich, sa komme jo nochris earne. Mar doe fûn Frou it moai west en brochten wy de bêste man nei syn eigen hûs ta. Sels bin ik it paad nea bjuster. No ja, inkeldris. Okkerdeis hie’k mysels wol te pakken. Dat wie op in trening foar myn soarte fan jachthûnen. Frou grapket wolris dat se mei my nei de ‘Nimrod’ MANDEGUOD 45
48 Online Touch Home