49

wol. De Nimrod is in kriich foar hûnen dy’t noch wat mear hûnsk binne as allinne mar in knyn of hazze foar de Kryst binnen bringe by de baas, sûnder dy te ferropjen. Dat freget in bulte trening en geduld fan hûn én baas! Wy reizgje wat op en del nei ús ferneamde jachtoefenmasterin út Harich. Sy hie dy kear ek wer in tûk proefstik betocht. Ik moast wol in kertier sitte te wachtsjen, wylst sy en Frou troch it lân omkrústen. Doe’t se lang om let wer by my kamen, stjoerde Frou my faaljekant nei it oare ein fan dy stripe as wer’t sy rûn hiene. Ja, duhh, tocht ik. Dêr leit fansels neat; jimme binne dêr ommers hielendal net west! Ik makke rjochtsomkeard nei de kânt wer’t sy omstrúnd hiene. Ik haw ek wol in kertier socht en dat hiele stik sigesaagjend útkjimd. Underwylst hat Frou wol tsien kear roppen: “Afke, Aáfke!!!” Ik wit wier myn namme wol, mar lústere net fansels. Oant Frou my ophelle. Sy is nea lulk op my, mar it gesicht stie no wol ûnhuer op ûnwaar. As in dôfhûdich bern waard ik opbrocht, ûnder spytgnyskjende oanmerkings fan Baas dat dit net bepaald Nimrodweardich gedrach wie. Frou besocht it nochris my nei de oare ein fan dy stripe te stjoeren. Dat haw ik doe mar kreas dien. En hja hiene my te fiter. No hie’k samar de dummy dy’t se dêr blykber al folle earder dellein hiene... No ja, ik bin ek noch mar oardel jier âld en lear noch eltse dei by dat lústerje ek in keunst is! No wer efkes werom nei ús aventoer yn’t tsjuster. It wie fier nei tsienen dy jûns dat ik mei Frou wer thús kaam. Baas wie al bot ûngerêst: “Wêr hawwe jimme sa lang úthongen? Binne jim by Dokkum om west of sa?” No, dat wie in hiel ferhaal. En dat begûn sa: ‘Ynienen stie de man foar ús. Frou skrok d’r suver fan...’ Wreed foar him dat er dat it paad bjuster wie. Mar moai dochs dat wy de bêste man skewiele koene? menno@bistedokter.nl foto’s: © Afke fan it Fryske Wetterlân MANDEGUOD 47

50 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication