35

dominy wurde. De liturgy, de preek, is ommers teater yn de puerste sin! Boust mei it ferhaal fan in liturgy in spanningsbôge op, moatst de oandacht fan de minsken fêsthâlde, do lûkst se nei dy ta, do joust harren wat mei en sa wurkest nei it slot ta. Soks kin mei wurden, mar ek mei sang, muzyk en ja, ek mei dûns. Nei syn gymnasiumtiid begûn Andries dêrom oan de stúdzje teology yn Grins. Yn Grins hat er him lykwols nea thúsfield, je sieten dêr wat tusken de minsken fan Vindicat – it corps – en dat wie syn folk net. Dat hy ferfear nei Amsterdam. It wie 1968 – hy foel mei it gat yn ‘e bûter! It wie de tiid fan de Maagdenhuisbezetting, de tiid fan de demokratisearring, de hippytiid. Hy wie hielendal teplak. It wie ek yn Amsterdam dêr’t er syn dûnsoplieding folge. Andries hat doe in pear jier dûnse yn in jazzdûnsgroep fan 4 froulju en 2 manlju. Mei dy groep reizgen se net allinne troch hiel Nederlân, mar se kamen ek yn Spanje telâne. Andries liet my noch in prachtige foto sjen dêr’t er heech yn ‘e loft springt. Andries mei in grut bosk donkere krullen. Krullen dy’t no yndie wat koarter en wat ljochter fan kleur binne… Ien fan syn aventoeren wie ek it meidwaan oan in tv-útstjoering mei Liselore Gerritsen en Henk van Ulsen yn it program ‘De IJsel op’. Andries moast doe yn in wyt pak op de lûken fan in skûtsje dûnsje. It wie iiskâld, dat Andries waard ordonnearre om geregeld efkes nei it roefke te gean dêr’t er dan in bearenburchje krige om wer op te waarmjen. Mar trije bearenburchjes wie wol syn maks om noch feilich op dy skûtsjelûken te dûnsjen! Mar de man dy’t ôfstudearre is op dûns en teology seach syn takomst dochs net allinne yn de dûns. Hy kaam ta de konklúzje dat er as liturgysk dominy pas echt ta syn rjocht komme soe. Leau no mar net dat er allinne mar op ‘e preekstoel stien hat. Nee, Andries hat in grut arsenaal oan aktiviteiten by de ein hân: hy hat in pear jier by de VU yn Amsterdam wurke, hy sette yn Amersfoort in tsjerklike proefgemeente op, hy fersoarge in column by Omrop Fryslân, hy joech lêzingen, hy hat lesjûn yn liturgy oan de Noordelijke Hogeschool, hy dûnse uteraard ek noch, bygelyks mei in klassyk koar yn Utert, folle net genôch. Mandeguod 33

36 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication