37

Om syn doel te berikken – liturgysk dominy wurde – wie yn dy tiid lykwols noch net sa maklik. “Fanwege myn ‘geaardheid’”, gnysket Andries. “By sollisitaasjepetearen gong it bytiden dêr mear oer, as oer myn kinnen.” Mar it tsjerkebestjoer fan Reduzum en omkriten hie dêr gjin lêst fan, en Andries waard út in stik of wat kandidaten beneamd as dûmny yn Reduzum. Sadwaande strieken Andries en syn partner Nico midden jierren ‘80 del yn de pastorij fan Reduzum. In lytse tritich jier hat Andries dêr dûmny west. In tiid dêr’t er syn ropping útdrage koe. Religy wie eat dat er fan hûs út wol meikrigen hie: heit wie eins wol wat fan de ‘zwartekousenkerk’, mem wie frijsinnich, mar it wie net fan dat benaude. Hy hoegde dan ek nea tsjin religy oan te skoppen. Ja, dan hied er fansels ek nea dominy wurde kind! Religy is foar Andries in spiritueel tsjin it libben oan sjen, strange dogma’s passe dêr net by. It pastorale wurk heart uteraard ek by it amt fan dominy, al moatte jo soms wol wat hurd op ‘e hûd wêze as ‘parttime’ dûmny. Want ofst no frij hast of net: do blíúwst dûmny… Andries’ sterke kant wie de liturgy: mei in gebed of in ferhaal hast ommers in fantastyske mooglikheid om de minsken wat mei te jaan, om harren spiritueel te ynspirearjen. De rituelen fan de tsjerke fynt hy ek wichtich. Se jouwe de minsken stipe by allegear fasetten yn it libben, oft it no om blydskip giet of om fertriet. Yn de rin fan de jierren lykwols waard muzyk en sang foar Andries hieltyd wichtiger. Yn Reduzum kaam hy bygelyks yn ‘e kunde mei Baukje Wytsma, dy’t letter ferskate lietteksten foar him skreaun. Lietteksten dêr’t Joop Verbeke de muzyk by komponearre. In prachtmanier om it sjongen op te pakken. Andries is lykwols in perfeksjonist, dat foar’t it safier wie hat er earst sjongles hân. Moatst mei sjongen ommers goed artikulearje, op ‘e tiid pauze nimme, rêstich sykhelje, ensafuorthinne. Hy hat bygelyks yn de Grinzer A-kerk oefene – in joekel fan in tsjerke – en der wiene lessen fan ûnder oaren Femke de Boer en Adi le Gué. Konserten folgen, konserten yn lytse yntime teaters, húskeamerkonserten, konserten op lytse skaal. Ek waarden der CD’s opnaam. Andries hat foar de CD’s Mandeguod 35

38 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication