39

gearwurke mei ûnder oaren Clara Rullmann, mei Tjamke Roelofs fan it trio ‘Hadewijch, jij en ik’ en mei it salonorkest Arco Baleno. No is it dan al wer oan de fjirde CD ta. In CD fan Andries Kobus en Jan van Erp. Opnommen yn it Tryatergebou. Krekt ja, Jan van Erp. In pianist fan klassike muzyk, mar hy spilet ek like maklik blues of jazz. Andries hat him pas yn 2011 kennen leard, mar it klikte daliks tusken dy twa. Tegearre foarmje hja no al mear as fjouwer jier in ‘team’. Andries is de mear ekstroverte fan dy twa, hy moat as sjonger de teksten ek oerbringe op it publyk. “Moatst earst de tekst fan in nij liet nei dy talûke”, fertelt Andries, “moatst de minsken reitsje mei dyn tekst. Soks ferget in soad enerzjy: yn goed 3 minuten moatst ommers in kompleet ‘ferhaal’ oan it publyk oerbringe.” Jan van Erp is nèt de begelieder fan Andries, nee, hy leit syn eigen fisy yn de muzyk, hy makket dat de tekst ta syn rjocht komt mei krekt dàt ritme dat by dàt liet heart. Koartsein: hja kinne net los fan elkoar sjoen wurde mei harren muzyk. Ek al musisearje Jan en Andries al in tal jierren tegearre, foardat in CD opnommen wurde kin, moat der earst wol genôch repertoire opboud wurde. En Andries mei dan no mei emeritaat wêze, Jan hat in húshâlding en in baan, frije tiid is dan beheind. Hoe dan ek, hja ha ek yn Mantgum al in kear of wat in konsert jûn. Faak yn it hûs fan Andries en Nico, en ek al is dêr net sa folle romte, it publyk joech dêr neat om. Se stiene bytiden op de trep om de konserten by te wenjen! It hûs fan Andries en Nico. Of better sein: it hûs fan Nico en Andries. Want wie Nico yn Reduzum altyd ‘de partner fan Andries’, sûnt Andries mei emeritaat is wenje hja net mear yn de pastorij fan Reduzum, mar yn it hûs neist de tsjerke, de eardere konsistoarje. Jierrenlang al de wurkromte fan túnarsjitekt Nico Kloppenburg. No binne de rollen omdraaid en is it Andries dy’t ‘de partner fan Nico’ is. Mandeguod 37

40 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication