41

Dat bringt dan ek wer syn sjarmes mei. Lêsten melde Nico út ‘e flecht wei dat hy om healwei twaën dy middeis in ‘túngroep’ krige, mar dat er om twa oere yn Ljouwert wêze moast. It boadskip wie dus: Lied do dy túngroep fannemiddei mar rûn… “Blommen wit ik hielendal neat fan ôf”, joech Andries ta. Mar ja, wat moast er? Dat hy draaide de rollen mar om en doe’t de froulju kamen hat er earst mar fan alles oer it hûs ferteld. Doe’t it oan de planten ta wie sei er taktysk tsjin ien fan de froulju: “En jo witte fêst wol wat de namme fan dizze strúk is?” En sa krige Andries in kreaze rûnlieding troch harren eigen tún. De froulju hiene lykwols noch ien fraach: hoe hiet dy beam deun achter harren hûs? “Dat is de Anna Paulowna-beam” ferklearre Andries mei in útstrutsen gesicht. Dêr hie gjinien ea fan heard, mar hja begriepen wol dat it dan fêst wol in hiel bysûndere beam wêze moast. Doe’t Nico letter thúskaam, woe Andries dochs witte oft er it by it rjochte ein hân hie mei dy beammenamme. “Witst dat no noch net?”, seit Nico, “dat is de Polonia-beam.” Andries wie doe efkes hiel bliid mei syn teater-eftergrûn… Lys Scarse Op snein 17 jannewaris 2016, moarns om 11 oere, jouwe Jan van Erp en Andries Kobus in konsert yn De Wjukken. Mandeguod 39

42 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication