30

30 Mandeguod Nijs oer Plan Boppeslach It is net te missen: it grutte bouboerd fan Plan Boppeslach foar de Wjukken. Op âldjiersdei hat wethâlder Hein de Haan mei it projektteam de sjampanje plopt en proaste op it feit dat der genôch jild is om los te kinnen mei Boppeslach. wy jim dan oan de hân fan tekeningen mei yn de plannen fan it baggerdepot en de omjouwing fan de Wjukken. Hjir alfêst in earste yndruk fan de plannen foar de Wjukken. Sette jim 14 febrewaris yn jim agenda? Elkenien is wolkom om 20.00 oere yn de Wjukken. Jou jim efkes op fia boppeslach@wjukken.nl of by ien fan it projektteam. De provinsje hat de fergunning foar de steiger en it útgraven ôfjûn, it is no noch wachtsjen op de gemeente en Wetterskip mar dêr sitte we net oer yn, dat komt goed. Wy gean der fanút dat de kraan fan Frankena yn april los kin op it baggerdepot, fan dat momint ôf kinne de frijwilligers dêr dan ek yn it spier. Byprate op 14 febrewaris Yn jannewaris ha we as projektteam byinoar sitten mei alle ferieningen, mar graach prate we álle minsken út it doarp ek wer efkes by. We noegje eltsenien dan ek fan herte út om op 14 febrewaris nei de Wjukken te kommen. Graach nimme Skatebaan We binne mei de gemeente yn oerlis oer de skatebaan. De oprop yn de foarige Mandeguod hat in oantal reaksjes oplevere. Fan in pumptrackbaan oant in klimpiramide fan tou. We lizze alle ideeën de kommende wiken op tafel. It sjocht der wol nei út dat de skatebaan opromme wurdt sadat it in griener plakje wurdt, passend by de rest fan Plan Boppeslach. Ek yn dy plannen en tekeningen nimme we jim 14 febrewaris graach mei. Brêge It beslút is no om de brêge oer de feart fan it baggerdepot nei it sportterrein sa natuerlik mooglik yn it plan te ferwurkjen. It wurdt in brêge sûnder

31 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication