47

februari 2022 47 dy poarten? De hiele struktuer fan ’e stêd moat derfoar oer de kop. En de Tachtichjierrige Oarloch is ek al lang foarby. Wêrom, achte amtners, net ienfâldich begjinne? Nim in foarbyld oan Mantgum, wêr’t al wer wat jierren lyn de state Hoxwier yn wat modernisearre foarm it âlde hoarnleger wer fult, dat koe maklik want it echte hiem wie noch leech; it pleatske fan Fokkema stie der krekt wat foár. Begjin simpel mei it gebou dat yn’e binnestêd stie en wêrfan’t it plak noch jimmeroan leech is: de Nije Toer! Ja, jim sille yn dy beleidsnotitie wol Nieuwe Toren skriuwe, mar it Klokplein is noch Oft der wat fan op’e hispel komt? Ik bin bang dat it logo fan Ljouwert in visuele metafoar is fan de ynhâld fan it Ambitiedocument: in sketste liuw dy’t oan’e boppekant wol min of mear ôfmakke is, mar wêrfan’t de ûnderkant wol hiel sketsmjittich tekene is, koartsein, de ûntwerper fan dit logo hie jierren lyn al yn’e gaten dat in protte plannen wêrmei de amtners harren tiid achter de burelen fulle yn grutte halen wol plannen bliuwe sille. Ik bin benijd hoelang’t ús nije strjitlantearnen it úthâlde sille. Liuwe van der Meer altiten leech, sterker, in pear iverige strjitmakkers hawwe yn ’e strjitklinkers al oanjûn wêr’t er stean moat. Der moat wol in beamke foar kapt wurde en der sille ek wat terrasstuollen ferdwine moatte. Mar de boutekening is al klear, dêr hoecht gjin djoer betelle arsjitekteburo mear oer gear! En it foarnaamste: it ding is rûnom yn’e binnestêd te sjen, dan witte se ek rûnom dat de gemeente Ljouwert in protte ambysje hat.

48 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication