60

60 Mandeguod tún is nammentlik syn projekt in bytsje. Hy besiket ek om de fûgels dy’t dêr yn húsmanje wat by de namme te neamen. Net allinne de Nederlânske nammen, mar ek de Fryske nammen. Lêstendeis kaam hy dêr in snip tsjin, dat Rik hopet op noch folle mear fûgels. “En ik hoop op veel ealjebijen”, laket Rik. Blykber wie dit jier in min wespenjier, en dat wurd wie him ek bybleaun yn it Frysk. Om har thús te fielen yn Mantgum dogge se mei oan it libben yn Mantgum – foar safier dat op dit stuit giet mei alle koroanabeheinings. Sa koest har beiden keatsen sjen op de Boppeslachdei, en se ha mei de Jong Famme Partij besocht wat fan it spul te snappen. Dat dat lêste it flotst giet troch sèls mei te keatsen, wol harren wol oan – foar in bûtensteander is it spul dreech te snappen: alle partoeren steane ommers allegear troch in oar yn in oar syn perk… In koroana­projekt fan Rik is de piano. No’t se in ‘echt’ hûs ha, mei foar har begripen in soad romte, waard de famylje­piano syn kant út skood. “Bij mijn familie stond hij maar in de weg, dus ze waren blij dat ze hem aan ons kwijt konden,” fertelt Rik. It oefenjen op de piano moat gjin beswier wêze: mei in frijsteand hûs ha de buorlju fuort gjin lêst fan syn muzyk! Lys Scarse

61 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication