51

Wrafke (Frutsel) Doe’t Baas fan ‘e moarn ûnder kaam en my nei bûten litte soe, fielde ik mysels sa ferskuorrend modzich. Hy moast my suver wekker meitsje, sa sleau en moalich wie’k. Baas kin dat hiel fynfielend. Hy begjint my earst ûnder myn strôtsje te kardzjen en dan rek ik my út, draai ik mysels stadichoan op ‘e rêch, en dêrnei tysket er my oer myn búkje. Dat lit ik sa lang mooglik mei de eagen ticht gewurde om’t er my eins gjin grutter deugd dwaan kin! Mei in protte muoite rôle‘k op myn poatsjes werom en gappe wiidbekkich. En dat wylst ik fan ‘e wike krekt de hiele wrâld wol oan koe. Doe haw ik sa hearlik traind mei Frou. Ik speurde as in spear en appertearre as ‘t spoar. Ik haw alle dummys prompt fûn en fuortdaliks by Frou brocht. Och, wat wie se grutsk op har lytse mokkeltsje! Sels de jachtoefenmasterin wie optein. Ik begryp dus neat fan dy lamliddichheid . Bin wier net siik of sa mar ik kin wol in gat yn ‘e dei sliepe… Dochs mar efkes yn ‘t waar sjoen en dernei krige ik, krekt lyk as eltse moarn, iten fan Baas. Hie’k sljocht gjin sin oan. Ik haw him oansjoen en doe begûn Baas te skodholjen: ‘dan mar net, Afke…’ Hy seach wat sneu om’t ik in bytsje jierdei bin. Ik bin hjoed sekuer acht moanne âld. Mandeguod 49

52 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication