53

Geandewei de dei gie it wat better. Frou lit my wat letter op ‘e moarn lekker lang út en dan kin ik wat omsneupe en snaaie. Frâl yn smoargens. Frou fynt my mar in fyske; ik mei dat lykwols ferskuorrend graach dwaan. Wurd dêr ek sa roppich fan dat ik thús daliks de hiele bak wol leechfrette kin! Somtiden moat ik dernei wer koarje, bynammen as ik tefolle woartelstôkken út it heakelguod fandele haw. Hjoed net en dus haw ik hearlik myn bak leechfretten. Ienris wer yn myn hûnekuorke skrok ik sa ôfgryslik dat it hier my dwers op ‘e sturtbonke stie. D’r leine farske drippen bloed op it kleed! Wêr kamen die yn ‘e goedichheid wei? En net allinne op myn kleed, se leine ek rûnom op ‘e flier. It fielde boppedat krekt of ik myn miichsel net goed ophâlde koe. Ik dus wakker oan myn frutsel sneupe om te sjen wat dêr te rêden wie. Hie al murken dat dy de ôfrûne dagen stadichoan opswollen rekke wie. Suver in gleie prom. Jawis! Dêr kaam it wei. Net bêst… Daliks alles opslikje fansels en de flier skjin ljepke mei myn mûldweiltsje. En mar prakkesearje. Soe dit dan wêze wat de frou fan Pelle okkerdeis oppere? Pelle sit ek by ús op jachttraining en soe neffens har syn earste ‘wiete dream’ hân hawwe. No, Monty wie dêr noch hielendal net oan ta, andere dy oare baas doe. En ik seach dat hy syn spytgnyskjen nei Frou suver net ynhâlde koe wylst er dat sei. Mar Pelle en Monty binne reukes en ik bin in wyfke. Ik haw d’r gjin idee by hokker ‘dreamen’ my te wachtsjen steane. Op dat stuit kaam Frou wer yn ‘e keamer en sy seach my drok dwaande mei myn lape. Se dikere de flier oer en rekke suver oerémis: ‘Afke wurdt in grutte faam!’, rôp se út. Se nodde my leafdefol en dat joech my it gefoel dat ik gjin noed hawwe moast. Frou brocht Baas gau op ‘e hichte. Se sei him dat se ‘t al in pear dagen oankommen sjoen hie. It sil by it folwoeksen wurden hearre, sa moast ik hjirút wol begnuve… Twa dagen letter is it floeien noch folle slimmer: myn doaske is no sa lek as in tjems! Dochs mei ik mei nei de training ta. Myn stimming is sa ûngelikens as it waar en ik haw nearne nocht oan. Mar dy jachttraining wol ik fansels net slûpe litte, dan meitsje ik wol nocht! Frou siet d’r wat oer yn. Wat soene de reuen wol net útheve? Ik hearde har beljen om advys. Letter fentilearre se oan Baas dat neffens de oefenmasterin it just in geve útdaging foar de baaskes wêze soe dat harren hûnen har net ôfliede litte meie troch de hormoanen. Sa sette ik mei Frou dochs wer ôf nei de Súdwesthoeke. It wie ûnlijich waar mei in kâlde wyn en winterske buien. Earst liet Frou my lang yn ‘e auto wachtsje, wylst de reuen wakker omfleane mochten. Lang om let gie de training los en mocht ik ek foar ‘t ljocht komme. No, dat soarge foar opskuor. Om syn beurten moasten de hearen oan myn frutsel snuve fansels. Dy grutte Flatcoat stuts sels syn hiele noas ûnder myn krús en gong mei my oan ‘e haal as wie ‘k in kroade! Sels haw ik mar in ‘krekt-as-neat-oan-‘e-hân-hâlding’ oannaam. Jawis, myn frutsel is grut, der rint wat út en ik bin wat min by de wurken. Duh! It soe wat, fierder neat loas, hear… Doe ‘t de reuen wer oan tou sieten en de opwining delbêde wie, mochten wy om bar in dummy troch de feart ophelje. Koe eltsenien moai ôfkuolje! It wetter wie desimberkâld, mar Mandeguod 51

54 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication