oare nuvere ynstruminten. Folkpolitie bestiet út Sien de Groot, Hinke Wolthuizen, Greetje Wiersma en gitarist, teffens lieder fan ’e groep Bauke de Groot. 3. Toanieljeugdgroep Wurdum/Wytgaard: Nije buorlju Akkelien wurket by it ytkafee yn har doarp. Har baas is in Amearikaan dy’t gjin Frysk prate kin. Yn it doarp is it hiel fanselssprekkend dat eltsenien thúskomt mei ien fan itselde geslacht. Dêrom binne de ynwenners yn rep en roer at der ynienen in heterostel yn it doarp te wenjen komt. Wat betsjut dat wol net foar it doarp? Wat tinkt elkenien eins oer elkoar? En wêr sil Akkelien sels mei thús komme? De Giele Rûte: 1. De Dichtersgroep Mantgum, mei muzyk: Om'e trije wiken skriuwe en lêze dichters út Mantgum en fiere omkriten gedichten ûnder de betûfte lieding fan Elmar Kuipers. Fan dizze groep sille jûn in oantal leden foarlêze út harren wurk, ôfwiksele troch muzyk fan'e muzykgroep Hansl, besteande út Egbert Menger en Roelof Veldhuizen, mei Dútsktalige en Jiddyske ferskes, faak mei in maatskippijkrityske ûndertoan, tradisjonele en ek nije. 2. Pubquiz: Yn'e Freedkelder docht âld-doarpsgenoat en studint Jan van der Meer mei help fan oaren mei it publyk in Pubquiz! 3. Jehannes Arendz: Ja, ik ek fan dy... Gysbert hat jierren lang fry feint west en by mem op ’e pleats wenne. Syn libben feroare bot, nei’t syn maten him opjûn hiene foar in televyzjeprogram. Hy kaam yn in soarte fan fizel telâne wery’t er gjin kant mear op koe en wer’t er ek net út komme koe. No komt Gysbert op it momint dat it him oer de learzen rint en hy it him oan begjint te sjen. Nei ôfrin, nei 22.00 oere, sjongt ús âld-doarpsgenoate Evelien Storm mei har fêste gitarist har eigen program yn'e Wjukken. imme kinne yn it foar kaarten bestelle fia de mail, frisia1874@gmail.com of oer de tillefoan, op nûmer 058- 2501108 (tusken 19.00 en 21.00 oere, by Sien de Groot). De kaarten dan ôfhelje tusken 16.30 en 17.00 oere. De kaarten kostje foar net-leden € 15,- / foar leden fan Frisia1874 € 5,It Bestjoer Jimme kinne ús ek "like" op Facebook/Frisia1874! Of folgje op Twitter: @Frisia1874 Mandeguod 45
48 Online Touch Home