TUSKEN TSJERKE EN KROECH 8 2019 - sneon 6 april 2019 No’t de peaske-aaikes ferkocht binne en de earste kaarten foar de 6de april ek besteld binne, wolle wy jimme noch graach efkes wize op’e achtste edysje fan Tusken Tsjerke en Kroech. Wy binne drok dwaande mei de omballingen en dêr kinne wy altiten noch wol wat help by brûke! Wy hawwe noch te min itensierders! Fansels, it sieden fan in miel waarm iten foar in tsiental minsken is net itselde as it bakken fan in aai, mar it soe moai wêze as der noch wat mear minsken harren hjir foar opjaan soene. Foar dejingen dy’t noch gjin kar makke hawwe út’e rûtes, jouwe wy dy noch in kear en as bestjoer hoopje wy dat de minsken machtich as miggen 6 april op ús kultureel barren ôfkomme sille! Giele rûte 1. Toaniel út Blije Twa mannen sitte te skaken. Ja, wêr giet it winliken om? 2. Douwe de Bildt: Ferneamd as Jorwerter , as toanielspiler, as skoalmaster en ek as skriuwer fan koarte ferhalen. Douwe fertelt jûn in tal ferhalen of ien lang ferhaal, dat is noch net rjocht dúdlik. Mar der wurdt grif lake! 3. Folkpolitie: docht al wer foar de sande kear mei oan TTeK. Se sjonge lieten en lietsjes yn allerhande talen, mei begelieding fan in gitaar, mar ek mei oare nuvere ynstruminten. Folkpolitie bestiet út Sien de Groot, Hinke Wolthuizen, Greetje Wiersma en gitarist, teffens lieder fan ’e groep Bauke de Groot. Reade rûte 1. Johannes Arendz: Jimme krije wer de kâns om Johannes Arendz syn solostik fan ferline jier te sjen. 2. Wrâlddûns & muzyk troch learlingen fan Margreet Enequist-Bos út Boazum Multitalint Margreet fersoarget foar ús in dûns-en muzykfoarstelling dy’t ús nei fiere lannen bringe sil. Mandeguod 17
20 Online Touch Home