21

3. Kom wer werom Andries Kobus sjongt, mei begelieding fan Jan van Erp op’e fleugel, lieten mei teksten fan Baukje Wytsma, op muzyk setten troch ûnder oaren Joop Verbeke en Peter van der Zwaag. Griene rûte 1. Theatergroep Fjoer Baukje Stavinga en Annemarie van Esveld spylje twa koarte ferhalen fan Hylkje Goïnga en Akky van der Veer. 2. De Dichtersgroep Mantgum e.o, mei muzyk. Sawat ien kear yn ‘e moanne skriuwe en lêze dichters út Mantgum en fiere omkriten gedichten. Foarhinne gie dat ûnder de betûfte lieding fan Elmar Kuiper, dit jier docht de groep it op eigen manneboet. Fan dizze groep sil jûn in oantal leden foarlêze út harren wurk, ôfwiksele troch muzyk foar twa fioelen en in cello mei dûnsmuzyk út ‘e herberch fan alearen. 3. Kees Romers en learlingen Us doarpsgenoat Kees Romers hat al faker op ús Mangumer poadia stien, dit jier sil er mei in tal saksefoanspilers in program foar ús bringe Nei ôfrin, nei 22.00 oere, sjongt ús âld-doarpsgenoat Wouter van der Wal syn program “om it kampfjoer hinne” op ‘e Clinke yn’e Wjukken. Jimme kinne yn it foar kaarten bestelle fia de mail, frisia1874@gmail.com of oer de tillefoan, op nûmer 058- 2504321 (tongersdeis en freeds tusken 19.00 en 20.00 oere, by Mieke Peenstra ) De kaarten kinne dan ôfhelle wurde tusken 16.30 en 17.00 oere op’e dei sels. De kaarten kostje foar net-leden € 15 / foar leden fan Frisia1874 € 5,Jimme kinne ús ek “like” op Facebook/Frisia1874! Of folgje op Twitter: @Frisia1874 It bestjoer fan Frisia1874 Mandeguod 19

22 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication