26

Nieuws uit de Mariakerk Palmpeaske 14 april 2019 Utnoeging foar de LYTS&grut tsjinst foar alle bern en grutte minsken Snein 14 april is de tredde LYTS&grut tsjinst yn de tsjerke fan Mantgum om 10.30 oere. Fan de snert tsjinst yn febrewaris mei 20 bern en ek in protte grutte minsken, waarden wy bliid! Lyts stiet foarop: it is in koarte tsjinst foar bern mei musyk, in liet, in ferhaal, kearskes en in gebed. Nei de kring mei de bern, is der binnen of bûten in lytse aktiviteit dy’t heart by it ferhaal. En omdat dit ek Palmpeaske is meitsje de bern harren Palmpeaske stok alfêst thús. Wy soargje dan foar it broodhaantje. Graach efkes in berjochtsje nei gudula@hetnet.nl as jimme komme. Heit en Mem, pakes en beppes, omkes en tantes, eltsenien is wolkom. It duorret net langer as in oere en fansels is der kofje, tee en limonade Oant sjen! Hertlike groetnis, Jeugdkommisje Mantgum Westerwert & Ds. Willemien en Ds. Hinne Wyneke, Laura, Petra, Boukje, Tietia en Gudula 24 Mandeguod

27 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication